
Fannacht
foar de lieten fan Hildegard
wachttoer plante yn it wylde gers
in knipe sâlt op 'e flecht
tsjin de romp fan fisioenen.
De koets rydt fuort
op it stiennen paad
perspektyf missy punt.
Krekt in útstutsen hân
waans fingers swije
wannear koel
bruidsmeisjes blommen jurken
fan befette laitsjen
foar de âld man mei de galosjes fan wyn.
441








